Fryske Taal en Kultuer op Dalton Dokkum

OSG Piter Jelles Dalton Dokkum stiet yn in meartalige mienskip. Dêrom is it logysk dat der op skoalle oandacht is foar dy meartaligens en it plak fan it Frysk deryn. Dalton Dokkum wol foar it Frysk dan ek yn it skoallejier 2020-2021 mei in passend learoanbod komme. Dat oanbod past yn it Taalprofyl B dat de skoalle yn it ramt fan it Taalplan Frysk (2016) fan de Provinsje krigen hat foar de perioade 2017-2021. De neidruk fan de aktiviteiten yn it leargebiet Frysk lizze dan ek op dy fan ‘Dielname oan in meartalige kultuer’ en de basisfeardichheden lêze, prate, harkje/sjen.

Frysk wurdt op Dalton Dokkum ûnder oaren oanbean yn in projektwike foar de earste en twadde klassers. Dêr steane de Fryske Taal en Kultuer sintraal yn. Dêrnjonken sil Frysk yn klasse 1 en 2 it hiele jier oanbean wurde as keuzemooglikheid binnen de daltonoeren. Dêr kinne learlingen har bekwame yn in (taal)feardichheid dy’t har belangstelling hat, bygelyks it skriuwen fan it Frysk. Foar bern dy’t it Frysk (better) leare wolle, biedt Dalton Dokkum yn 2020-2021 op dizze wize de mooglikheid om dat fia in (yndividuele) digitale learwei te dwaan.

Yn it learjier 2020-2021 sykje team en direksje fierder nei mear mooglikheden om Fryske Taal en Kultuer in noch struktureler plak te jaan yn it learstofoanbod. Dêr heart ek de mooglikheid by om it fak te kiezen yn it eksamenpakket. Yn dy sin kin de Talinte Akadeemje (yn oprjochting) in rol spylje. Learlingen dy’t op eigen skoalle net kieze kinne foar in ‘lyts’ fak (lykas Frysk) soenen dat wol dwaan kinne fia dy TalinteAkadeemje. Dêrby kin it gean om in digitaal trajekt mei begelieding op de eigen skoalle. Dy ûntjouwing slút oan by de ûnderwiisfizy fan de skoalle. Personalisearring binnen it learstofoanbod sa’t dy op Dalton Dokkum neistribbe wurdt, biedt ek yn dit stik fan saken de noadige mooglikheden.

Friese Taal en Cultuur op Dalton Dokkum

OSG Piter Jelles Dalton staat in een meertalige gemeenschap. Daarom is het logisch dat er op school aandacht is voor die meertaligheid en de plaats van het Fries  daarin. Dalton Dokkum wil voor het Fries dan ook een passend leeraanbod ontwikkelen. Dat aanbod past in het Taalprofiel B dat de school in het kader van het Taalplan Frysk (2016) van de Provinsje heeft gekregen voor de periode 2017-2021. De nadruk van de activiteiten in het leergebied Fries liggen dan ook op die van “Deelname aan een meertalige cultuur” en de basisvaardigheden spreken, lezen, kijken/luisteren.

Fries wordt op Dalton Dokkum onder andere aangeboden in een projectweek voor de eerste en tweede klassen. Daarin staan de Friese Taal en Cultuur centraal. Daarnaast zal Fries in klas 1 en 2 het hele jaar aangeboden worden als keuzemogelijkheid binnen daltonuren. Daarin kunnen leerlingen zich bekwamen in een (taal)vaardigheid die hun belangstelling heeft, bijvoorbeeld het schrijven van het Fries. Voor leerlingen die het Fries (beter) willen leren biedt Dalton Dokkum in 2020-2021 de mogelijkheid om dat op deze wijze via een (individuele) digitale leerweg te doen.

In het leerjaar 2020-2021 zoeken team en directie verder naar meer mogelijkheden om Fryske Taal en Kultuer een nog structureler plek te geven in het leerstofaanbod. Daar hoort ook de mogelijkheid bij om het vak te kiezen in het examenpakket. In die zin kan ook de Talenten Academie in oprichting een rol spelen. Leerlingen die op de eigen school niet kunnen kiezen voor een zogenaamd ‘klein’ vak (zoals Fries), zouden dat wel kunnen doen via die Talenten Academie. Daarbij kan het gaan om een digitaal traject met begeleiding op de eigen school. Deze ontwikkeling sluit aan bij de onderwijsvisie van de school. Personalisering binnen het leerstofaanbod zoals die op Dalton Dokkum nagestreefd wordt, biedt op dit terrein de nodige mogelijkheden.