Fries

Veel van onze docenten spreken Frysk, en dat doen zij graag. Als je Friestalig bent, kun je dus altijd in je moedertaal in gesprek met veel van je docenten. 

Fries

De wearde fan mear talen en meartaligens wurdt op it Stedelijk Gymnasium dúdlik yn in grut ferskaat oan aktiviteiten. Sa wurdt der ynset op ynternasjonalisearring troch útwikseling mei skoallen yn it bûtenlân en op taletrajekten lykas Cambridge, Delf en Goethe. Ut soarte past by in gymnasium it kontakt mei Itaalje bygelyks troch de Romereis yn klas 5. Dêrby binne njonken de talen (oare) kulturele aspekten fan grut belang.

Kulturele aspekten

Dat lêste spilet op it Stedelik in rol fan betsjutting foar wat betreft it Frysk: de skoalle set ûnder oare yn op dielname oan Frysktalige aktiviteiten lykas ‘Ferstival’. Yn dy sin sluet de skoalle him ek graach oan by programmaûnderdielen fan LF 2018,  lykas ‘It DNA fan …’ .

Frysk as fak

Frysk stiet ek as fak op it roaster yn klas 1. Dêrby wurdt it fak op differinsjearre wize oanbean: der binne trije nivogroepen, in groep  learlingen mei Frysk as earste taal, in groep mei Nederlânsktalige bern dy’t it Frysk ek, mar yn mindere mate machtich binne en in groep dy’t it Frysk net of kwalik ferstiet. Yn de lessen wurdt gebrûk makke fan de digitale metoade ‘Searje 36’ dy’t mooglikheden jout om learlingen op harren eigen taalfeardichheidsnivo Frysk les te jaan.

Yn it lesprogramma binne alle kearndoelen opnaam. Dat betsjut dat it Stedelik Gymnasium yn it Taalplan Frysk (2016) fan de Provinsje Fryslân fanút Profyl A it fak Frysk oanbiedt. Nei klas 1 is en bliuwt Frysk in keuzefak. Dat jildt ek yn de Twadde Faze. Personalisearring fan ûnderwiisoanbod sil dêrby in belangrike rol spylje.

Nederlands

De waarde van meer talen en meertaligheid wordt op het Stedelijk Gymnasium duidelijk in een grote verscheidenheid aan activiteiten. Zo zetten we in op internationalisering, door uitwisseling met scholen in het buitenland en op talentrajecten zoals Cambridge en Goethe. Uiteraard past bij het gymnasium het contact met Italië, bijvoorbeeld door de Romereis in klas 5. Daarbij zijn naast de talen (andere) culturele aspecten van groot belang.

Culturele aspecten

Dat laatste speelt op het Stedelijk Gymnasium een rol van betekenis voor wat betreft het Fries: de school zet onder andere in op deelname aan Friestalige activiteiten zoals ‘Ferstival’. In die zin sloot de school zich ook graag aan bij programmaonderdelen van LF 2018 zoals het project ‘Het DNA van …’.

Fries als vak

Fries staat ook als vak op het rooster in klas 1. Daarbij bieden we het op gedifferentieerde manier aan: er zijn drie niveaugroepen. Een groep leerlingen met Fries als eerste taal, een groep met Nederlandstalige kinderen die het Fries ook, maar in mindere mate beheerst, en een groep die het Fries niet of nauwelijks verstaat. In de lessen maken we gebruik van de digitale methode ‘Searje36’, die mogelijkheden biedt leerlingen op hun eigen taalvaardigheidsniveau Fries les te geven.

In het lesprogramma zijn alle kerndoelen opgenomen. Dat betekent dat het Stedelijk Gymnasium in het Taalplan Frysk (2016) van de Provinsje Fryslân vanuit Profiel A het vak Fries aanbiedt. Na klas 1 is en blijft Fries een keuzevak. Dat geldt ook in de Tweede Fase. Personalisering van onderwijsaanbod zal daarbij een belangrijke rol spelen.