Frysk

Op it Ljouwerter Lyseum stiet Frysk as ferplicht fak ien oere wyks op it roaster yn klas 1. Yn de lessen brûkt de dosinte de digitale metoade ‘Searje36’ en it magazine ‘Linkk’. Yn dat learstofoanbod wurdt rekken holden mei de taaleftergûn fan de learlingen: binne dy fan thús út al of net Frysktalich? Wat binne de basisfeardichheden (prate, lêze, ferstean, skriuwe) fan de bern? Dêrby wurdt ek gebrûk makke fan mjitynstruminten lykas de Frisiatoets. Yn it Taalplan Frysk fan de Provinsje Fryslân hat it Lyseum it taalprofyl A. Dat wol sizze dat yn it lesprogramma alle kearndoelen neistribbe wurde.

Njonken it neamde learstofoanbod wurdt gebrûk makke fan Frysktalige telefyzjesearjes lykas ‘De Koers’ en ‘Bosk’. Itselde jildt foar ûnderdielen fan ‘11en30.nu’, de kanon fan de Fryske Skiednis. Yn de earste klas wurdt ek oanheakke by provinsiale lêsbefoarderings-projekten.

Nei learjier 1 wurdt Frysk in keuzefak. Learlingen dy’t dêr foar kieze, krije ien oere Frysk yn de twadde. Yn klas 3 wurdt as dat om it roaster kin in module Frysk organisearre. Omdat de keuzegroepen net grut binne, wurde dy meastentiids kombinearre.

Yn de bânoeren kinne learlingen kieze nei in bepaald fak of aktiviteit ta te gean. Yn it ramt fan Frysk wurde ek lessen oanbean yn dy oeren. Bern dy’t út eigen nijsgjirrigens mear witte wolle oer taal en kultuer yn Fryslân kinne dêr har gerak krije. Underwerpen en tema’s dy’t behannele wurde, stelle se meastentiids yn ‘e mande mei de dosinte fêst.

Yn de twadde faze is Frysk in keuzefak foar it fakkepakket.

Yn 2019 dienen 6 learlingen havo- en 10 vwo-eksamen yn it fak Frysk. Yn de boppebou wurdt stadichoan mear gebrûk makke fan digitaal lesmateriaal, bygelyks út grutte projekten as Fryslânsdossier (taal, kultuer en skiednis), de Fryske ôfdieling fan Lezen voor de Lijst (fiksje) en Salang’t de beam bloeit (literatuer) Gebrûk fan dit learstofoanbod makket it mooglik om yndividuelere learrûtes gear te stallen mei de kandidaten. Yn it basisprogramma Taalfeardichheden foar de hiele groep leit dan de klam op bygelyks lêzen en skriuwen.

Mei yngong fan 2019-2020 falt klas 4 fan de boppebou Frysk ûnder de Piter Jelles Akadeemje. Yn dy PJA komme learlingen fan ferskillende PJ-skoallen dy’t ‘lytse fakken’ (muzyk, Wiskunde-D, Spaansk of Frysk) yn it pakket ha, by elkoar om lessen te folgjen. Yn 2018-2019 is dêr al in begjin mei makke: fiif learlingen fan de boppebou Stedelik Gymnasium skowe oan by lessen Frysk voor hun collega’s op it Ljouwerter Lyseum.

Frysk wurdt (noch) net as fiertaal brûkt by oare fakken. It is yn in hiel soad gefallen wol in gebrûkstaal by bygelyks mentor- en âldergesprekken.

Fries

Op het Leeuwarder Lyceum staat Fries als verplicht vak één uur per week op het lesrooster in klas 1. In de lessen gebruikt de docente de digitale methode ‘Searje36’ en het tijdschrift ‘Linkk’. In het leerstofaanbod wordt rekening gehouden met de taalachtergrond van de leerlingen: zijn ze van huis uit wel of niet Friestalig? Wat zijn de basisvaardigheden (praten, lezen, verstaan en schrijven) van de kinderen? Daarbij wordt gebruik gemaakt van meetinstrumenten zoals de Frisiatoets. In het Taalplan Frysk van de Provicie Fryslân heeft het Lyceum taalprofiel A. Dat wil zeggen dat in het lesprogramma alle kerndoelen nagestreefd worden.

Naast het eerder genoemde leerstofaanbod wordt gebruik gemaakt van Friestalige televisieseries zoals ‘De Koers’ en ‘Bosk’. Datzelfde geldt voor onderdelen van ‘11en30.nu’, de kanon van de Friese geschiedenis. In de eerste klas doet het Lyceum ook mee aan provinciale leesbevorderingsprojecten.

Na leerjaar 1 wordt Fries een keuzevak. Leerlingen die daarvoor kiezen, krijgen één uur per week Fries in de tweede. In klas 3 wordt als dat in het rooster mogelijk is een module Fries georganiseerd. Omdat de keuzegroepen niet groot zijn, worden die meestal gecombineerd.

In de zogenaamde banduren kunnen leerlingen ervoor kiezen naar een bepaald vak of bepaalde activiteit te gaan. In het kader van Fries worden in die uren ook lessen aangeboden. Kinderen die vanuit eigen nieuwsgierigheid meer willen weten over taal en cultuur in Friesland krijgen daar de gelegenheid. Onderwerpen en thema’s die behandeld worden, stellen zij meestal vast in samenspraak met de docente.

In de Tweede Fase is Fries een keuzevak voor het vakkenpakket. In 2018 deden 9 havo- en 11 vwo-leerlingen examen in het vak Fries. Twee van de laatste groep deden een zgn. versneld examen, dat wil zeggen dat ze in klas 5 al in één vak (in dit geval Fries) examen doen.

In de bovenbouw (vanaf klas 4) wordt langzamerhand steeds meer gebruik gemaakt van digitaal lesmateriaal, bijvoorbeeld uit grote projecten als Fryslândossier (taal, kultuer/geschiedenis, de Friese afdeling van Lezen voor de Lijst (fictie) en Salang’t de beam bloeit (literatuer). Gebruik van dit leerstofaanbod maakt het mogelijk individueler leeroutes samen te stellen met de kandidaten. In het basisprogramma Taalvaardigheden voor de hele groep ligt dan de nadruk op bijvoorbeeld lezen en schrijven.

Met ingang van 2019-2020 valt klas 4 van de bovenbouw Fries onder de Piter Jelles Academie. In die PJA komen leerlingen van verschillende PJ-scholen die ‘kleine vakken’ (muziek, wiskunde-D, Spaans en Fries) in het pakket hebben, bij elkaar om lessen te volgen. In 2018-2019 is daar al een begin mee gemaakt: vijf leerlingen van de bovenbouw Stedelijk Gymnasium schuiven aan bij de lessen Fries voor hun collega’s op het Leeuwarder Lyceum.

Fries wordt (nog) niet als voertaal gebruikt bij andere vakken. Fries is in heel veel gevallen wel de gebruikstaal voor bijvoorbeeld mentor- en oudergesprekken.